Malteeske moardfertochte is 22-jierrige âld-Snitser

De 22-jierrige man dy't op Malta fêstsit op fertinking fan de moard op in 30-jierrige frou út Nederlân is in âld-ynwenner fan Snits. De man is sneon foarlaat oan de rjochter op Malta, dy't syn foararrest ferlinge.
Plysjes op Malta © Malta Police
Neffens de Times of Malta ferklearre de man by dy gelegenheid 'net skuldich' te wêzen. Syn pro deo advokaat frege om frijlitting op boarchtocht, mar dat waard wegere. De âld-Snitser wurdt ek fertocht fan it bûtendoar omrinnen mei in mes sûnder fergunning. Ek dit waard troch de man ûntkend.

Dea oantroffen

It slachtoffer waard freedtemoarn betiid dea oantroffen yn har wenplak Santa Venera. De frou is neffens de plysje mei in 'skerp en puntich foarwerp' om it libben brocht. It slachtoffer wie in kollega fan de fertochte. Ek soe se in relaasje mei him hân hawwe. Beide wurken foar in gokbedriuw.
De âlden fan it slachtoffer sieten sneon yn de seal doe't de man foarlaat waard. De plysje ferklearre op de sitting dat der noch ferskate tsjûgen heard wurde moatte. De behanneling fan de saak giet yn de rin fan nije wike fierder.