Keatssters Makkum winne Ald-Meiers Partij yn Hitsum

04 aug 2018 - 18:14

De keatssters fan Makkum hawwe sneontemiddei de Ald-Meiers Partij yn Hitsum wûn. Yn in spannende finale waard mei 5-5 en 6-0 ôfrekkene mei it partuer fan Warkum. It tredde plak gie nei de keatssters fan Easterein en it partuer fan Dronryp.

Foto: Twitter @knkb

De Ald-Meiers Partij is in wedstriid foar famkes fan 14 oant en mei 16 jier. Dizze wedstriid is ien fan de wedstriden dy't jildt foar de bysûndere priis 'De 4 Wimpels'. Dy priis kin wûn wurde as in keatster fjouwer belangrike wedstriden wint. Dat binne de Ald-Meiers Partij, de Jong Famme Partij, it NK foar froulju en de frouljus-PC.

(advertinsje)
(advertinsje)