Starum krijt in tydlik restaurant De Potvis

04 aug 2018 - 16:54

Restaurant De Potvis yn Starum, dat ferline wike folslein ôfbrânde, sil snein wer iepen foar publyk. Der is yn twa dagen tiid in needfoarsjenning opboud, wêrtroch't gasten snein fan alve oere moarns ôf wer delkomme kinne foar in kopke kofje, in stik taart, mar ek om te iten.

Brân yn strânpaviljoen De Potvis - Foto: Wiegmink Media

Woansdei waard it ôfbrânde gebou sloopt. Dêrnei is gelyk begûn mei it opbouwen fan de needfoarsjenning. Freedtejûn is der in strântinte delset op it plak dêr't earst it gebou stie. De provisoaryske keuken is opboud yn in seekontener, lykas de kuolling.

Ferskate boubedriuwen út de omjouwing helpe mei om alles oan te sluten en eigeners Sander en Barber de Vries binne alle dagen yn tou om ark te sammeljen. Bygelyks bestek, servys en teedoeken kinne se liene fan hoarekasaken yn de omjouwing. Sa wolle de twa dochs noch it bêste meitsje fan de boufak.

Trefwurden: 
Starum restaurant De Potvis
(advertinsje)
(advertinsje)