Brûnzen medalje foar Nederlânske turnsters op EK

04 aug 2018 - 16:31

De Nederlânske turnsters hawwe ferrassend brûns helle op it EK yn Glasgow. De ploech fan de Fryske bûnscoach Gerben Wiersma seach dat de turnsters foar it earst de finale hellen sûnt 2010. Sanne Wevers, Céline van Gerner en Vera van Pol turnje allegear op It Hearrenfean en spilen in belangrike rol by dit goede resultaat.

Yn de kwalifikaasje waarden se as team noch fiifde, no efter kampioen Ruslân en nûmer twa Frankryk. It bêste resultaat helle Nederlân yn 2002, doe't de ploech twadde waard.

Foto: ANP
Trefwurden: 
turnjen EK Sanne Wevers
(advertinsje)
(advertinsje)