Skûtsje Ljouwert wint earste wedstriid SKS by Grou

04 aug 2018 - 16:19

It Ljouwerter skûtsje Rienk Ulbesz fan skipper Willem Zwaga hat sneontemiddei de earste wedstriid om it SKS-kampioenskip by Grou wûn. It Ljouwerter skûtsje hold skipper Gerhard Pietersma (Earnewâld) en Johannes Meeter (Huzum) op ôfstân. De skûtsjes fan It Hearrenfean, Grou en Akkrum einigen as fjirde, fiifde en sechde.

Leeuwarden skûtsje, Pikmar, SKS, skûtsjesilen - Foto: Omrop Fryslân

Foar skipper Willem Zwaga fan it Ljouwerter skûtsje wie it in prachtige oerwinning. ''It wie spannend, mar dit is machtich, echt machtich. Hy rint. Foarich jier wie it neat mei it lichte waar, mar wy hiene it gefoel dat it gie hjoed.'' De oerwinning wie ek in emosjonele. ''Wy hiene in swarte flagge hjoed, fanwegen Rients 'de Wiets' Huisman. Syn soannen sile no mei ús mei. Dat hiene we op it lêst beloofd.''

Omrop Fryslân stjoert alle wedstriden streekrjocht út. Op ynternet jouwe ferslachjouwers Freerk Wijma en Eelke Dijkstra kommentaar by alle bylden. Op radio en telefyzje dogge Gjalt de Jong en Geartsje de Vries live ferslach. Yn Fryslân Hjoed is in analyze fan de wedstriid te sjen. En om 21:20 oere is der in wiidweidich wedstriidferslach op telefyzje. Normaalwei begjint dy útstjoering om 21:00 oere, mar sneon is de útstjoering letter fanwege de fuotbalwedstriid tusken SC Hearrenfean en de Spaanske klup Levante UD. Sjoch foar alles oer it skûtsjesilen by Omrop Fryslân op omropfryslan.nl/skutsjesilen.

Skipper Willem Zwaga

Trefwurden: 
Grou skûtsjesilen SKS
(advertinsje)
(advertinsje)