Twa kear sulver op EK wallball

04 aug 2018 - 16:16

It Nederlânske team hat op it Europeesk kampioenskip keatsen twa kear sulver helle op it ûnderdiel wallball. It ûnderdiel koe freed net ôfmakke wurde.

Marrit Zeinstra de grutte frou

Marrit Zeinstra spile twa kear de finale. By de singels wûn se yn de pûlfaze ûnder oare knap fan de wrâldkampioene Patricia Espinar fan Baskelân. Yn in wedstriid dêrnei rekke se blessearre oan 'e hân. Se kaam mei har hân tsjin ien fan de naden fan de flier en har nagel waard spjalten. Se gie de folgjende dei wol fierder en helle de finale. Dêryn kaam se tsjin Mar Giménez fan Valencia mei in set en 7-4 efter, wêrnei't se opjoech.

Foto: Omrop Fryslân

Sulver mei Siegersma

Zeinstra sparre har ek foar de finale by de dûbels. Dy helle se mei Harmke Siegersma. Se ferlearen de finale lykwols fan Ana Belén en Mónica Moya fan Valencia. It manljusdûbelteam waard freed al útskeakele. De manlju spilen gjin singels.

Sneon is it lêste ûnderdiel Llargues. Tongersdei helle Nederlân twa kear goud op it ûnderdiel ynternasjonaal spul.

(advertinsje)