Grutte drokte by Tall Ships Races yn Harns

04 aug 2018 - 16:02

De Tall Ships Races yn Harns wurde sneon ek goed besocht. It is sa drok dat de gemeente Harns ekstra meiwurkers ynset op de parkearterreinen om al it ferkear yn goede banen te lieden.

Besikers wurdt frege om goed op de buorden te letten en de oanwizingen fan de meiwurkers te folgjen. Ferfierder Arriva set fanwegen de drokte ekstra treinen en pindelbussen yn. De bussen ride tusken Frjentsjer-Harns en Dronryp-Harns.

(advertinsje)
(advertinsje)