Cambuur yn oefenwedstriid foarby Sparta Rotterdam

Sportklup Cambuur hat sneontemiddei yn Rotterdam de oefenwedstriid tsjin Sparta mei 2-0 wûn. Op Het Kasteel skoarden Conraad en Kallon foar de Ljouwerters.
René Hake
Tyrone Conraad makke yn de 32ste minút de iepeningstreffer foar Sportklup Cambuur. Keeper Kortsmit fan Sparta koe net by de bal, dy't fia de binnenkant fan de peal yn 'e goal bedarre.
Pas let yn 'e twadde helte koe Cambuur de skoare ferdûbelje. Issa Kallon makke yn de 79ste minút de 0-2. Dêrmei wie de oefenoerwinning fan Cambuur wis.
Robert van Koesveld
Opstelling Cambuur: Mous, Van Deelen, Mbende, Van Koesveld, Sambissa (83. Claver), Conraad (46. Maulun), Schindler (70. Van Wermeskerken), Schils, Ciganiks (78. Kallon), Rossi (60. Van Kippersluis) en Robertha.