Friezen oan de lieding by WK Frysk damjen

04 aug 2018 - 15:04

De bûtenlânske tinksporters hawwe it net maklik op it earste wrâldkampioenskip Frysk damjen. Nim bygelyks grutmaster Vasyl Ivanchuk út Lviv yn Oekraïne. Hy jildt as in tige betûft skaker en fluchskaker, mar ferlear op sneontemoarn fan Tsjerk Wybenga fan Arum.

"Frysk damjen is in moaie sport", seit de Oekraïner. "Mar je hawwe safolle iepeningen en safolle farianten, dat je hiel goed neitinke moatte." It grutste ferskil tusken Frysk en ynternasjonaal damjen is dat je by Frysk damjen net allinnich diagonaal, mar ek horizontaal en fertikaal slaan meie. "Ik moat neffens my noch wat mear studearje", suchtet Ivanchuk. "Mar ik fyn it in moai toernoai op in moaie lokaasje."

Ljouwerter stedhûs

De partijen wurde ôfwurde yn de Oranjeseal yn it Ljouwerter stedhûs. Nei trije spylrondes geane de Fryske dammers Jelle Wiersma, Foeke Tiemensma en Folkert Groenveld oan de lieding. Ivanchuk moat it yn it tuskenklassemint dwaan mei in tolfde plak. De earste ronde fan it toernoai duorret oant en mei tiisdei. De bêste fjouwer dielnimmers begjinne woansdei oan de finaleronde. It toernoai is online te folgjen op in aparte website. Neffens Liuwe Westra fan de organisaasje meitsje in pear tûzen minsken alle dagen fan dy mooglikheid gebrûk.

Beharkje ús reportaazje oer it WK Frysk damjen

Trefwurden: 
Ljouwert WK Frysk damjen
(advertinsje)