Frachtferkear oer op biogas

It Fryske frachtferkear kin meikoarten op floeiber gas ride. It kolleezje fan deputearre steaten hat in lytse twa ton beskikber steld om it riden op biogas te befoarderjen. It biogas wurdt wûn út Fryske boarnen. It tankstasjon komt op It Hearrenfean. De frachtweinen ride foar in kwart op disel en foar trijekwart op biogas. Yn totaal wurkje fiif bedriuwen mei oan it projekt.