LIVE: Alle fjirtjin skûtsjes stride om de earste oerwinning by Grou

04 aug 2018 - 14:01

Om 14.00 oere is yn Grou it 10-minuteskot jûn fan de earste SKS-wedstriid fan it jier. Fan alle fjirtjin skippers is der mar ien dy't earder kampioen west hat. Douwe Visser fan Grou. Kin hy op syn thúswetter de basis lizze foar in nij kampioenskip? Of binne der oare kapers op de kust?

De wedstriidorganisaasje hat by Grou mear mooglikheden as oare jierren, trochdat der in nij stik wetter útgroeven is. It Suderburds Wiid is twa moannen lyn offisjeel iepene, en de kommisje fan Grou hat it opnaam yn de rûte. De start en de finish binne op de Pikmar, en op de Wide Ie leit in lyts krúsrak. Op it Wiid farre de skippen in healwyns rak.

Foarsitter Jan Feike Hoekstra fan de kommisje yn Grou hat earder sein dat it nije wetter yn de wedstriidbaan opnaam wude sil, mar net as krúsrak. Dêr soe it net djip genôch foar wêze. By in oefenwedstriid yn july sloech it skûtsje fan Earnewâld dêr noch om. Dat bart samar, as it swurd de grûn rekket. Foaral oan de wyn is dat in risiko.

Minister Bruno Bruins fan Sport wie sneontemoarn by it rûtebesprek, en hy is ek by de wedstriid. Dat is foar it earst, seit er, al hat er it skûtsjesilen faak op telefyzje sjoen. Ferslachjouwer Geartsje de Vries frege him oft skûtsjesilen wat him betreft by sport heart, of dat it kultuer is. "Het is zeker ook sport," seit de minister, al tinkt er dat Kultuerminister Ingrid van Engelshoven yn de kommende wiken ek noch wol nei Fryslân komme sil.

Minister Bruno Bruins yn petear mei Geartsje de Vries

Foarich jier binne der yn de lêste wedstriden mar tolve fan de fjirtjin skûtsjes fan start gien. It skûtsje fan De Jouwer wie diskwalifisearre omdat it mêstbeslach net foldie oan de orizjinaliteitsregels, en Langwar hold dermei op omdat de skipper en bemanning it net iens wiene mei de manier wêrop't bepaald wie hoe grut it seil wêze mei. Langwar hat no in oar seil, en De Jouwer hat in oare skipper. De SKS ferwachtet dat it kampioenskip mei fjirtjin skûtsjes útsyld wurdt.

Douwe Visser fan Grou jildt dit jier as grutte kânshawwer op de titel. Foarich jier waard er kampioen yn de SKS. Yn de iepeningswedstriid op de Pikmar kaam er ek as earste oer de finish. Oare kânshawwers binne Sytze Brouwer fan It Hearrenfean, dy't foarich jier as debutant ferrassend twadde waard, en Pieter Meeter fan Akkrum, dy't nei de earste wike faak fuortsakket yn it klassemint. Hy waard foarich jier fjirde. Kenners neame Huzum in gefaarlike outsider. Jierrenlang kamen de Huzumers net fierder as it lêste plakje, mar mei in oar skûtsje, in nije bemanning en Johannes Meeter oan it helmhout is foarich jier it paad omheech ynslein.

Omrop Fryslân stjoert alle wedstriden streekrjocht út. Op ynternet jouwe ferslachjouwers Freerk Wijma en Eelke Dijkstra kommentaar by alle bylden. Op radio en telefyzje dogge Gjalt de Jong en Geartsje de Vries live ferslach. Yn Fryslân Hjoed is in analyze fan de wedstriid te sjen. En om 21:20 oere is der in wiidweidich wedstriidferslach op telefyzje. Normaalwei begjint dy útstjoering om 21:00 oere, mar sneon is de útstjoering letter fanwege de fuotbalwedstriid tusken SC Hearrenfean en de Spaanske klup Levante UD.

Trefwurden: 
skûtsjesilen SKS
(advertinsje)
(advertinsje)