Bouhoeke hat net in soad lêst fan de drûchte, mar ierappelboeren wol

De effekten fan de drûchte op de opbringst by de bouboeren lykje ta te fallen. De grutste soargen binne yn de ierappelsektor. De opbringst fan de poaters sil nei alle gedachten sa'n 20 oant 40 persint leger útfalle en it is noch mar de fraach oft eventuele hegere prizen genôch kompensaasje opsmite.
© Omrop Fryslân
Yn fergelyk mei it easten en suden fan it lân, liket de Fryske bouhoeke knap foar de drûchte wei te kommen. Dat sizze Johannes Joostema, fan de boerebelange-organisaasje LTO, en Jelte Pars, fan nôthannel Pars yn Sint-Jabik. De rein fan de ôfrûne wike hat de gewaaksen goed dien, sizze se, en boppedat wiene de temperatueren yn de bouhoeke de ôfrûne tiid wat leger as op oare plakken.
Ferslachjouwer Gerrit de Boer yn de bouhoeke
De weetrisping is sa goed as normaal, mei hegere prizen, sizze se, en de biten steane der op de measte plakken ek knap foar. Dat jildt ek foar de sipels, foaral as se bereind binne. By de konsumpsje-ierappels komt der wol minder fan it fjild as fantefoaren tocht waard. Hoefolle minder, dat is noch net dúdlik. Dat hinget ôf fan de waarsomstannichheden yn de kommende wiken.
Ferline jier wie der sprake fan in hege opbringst mei hiel lege prizen. No al is te sjen dat de prizen oprinne.