Omrop Fryslân oerstjalpe mei betterskipswinsken foar Piet

04 aug 2018 - 12:05

By Omrop Fryslân binne tsientallen brieven en kaarten besoarge mei betterskipswinsken foar Piet Paulusma. De waarman fan Omrop Fryslân en SBS6 waard earder dizze wike opnommen yn it sikehûs fanwege in akute ferstopping yn de termen.

Post foar Piet Paulusma - Foto: Omrop Fryslân, Sybren Terpstra

Yntusken knapt Piet aardich op, mar hy moat noch wol even yn it sikehûs bliuwe. It is noch net krekt dúdlik wat de oarsaak is fan de ferstopping. Op de telefyzje wurdt syn wurk foarearst oernommen troch syn dochter Martsje. Op de radio is Jan Jonkman syn ferfanger.

Freed sei Piet yn in ferklearring dat er oerweldige wurdt troch de belangstelling. "Ik wol eltsenien tank sizze foar de belangstelling en foar de betterskipswinken."

Mochten jo Piet no ek noch in kaartsje stjoere wolle, dan kin dat fia Omrop Fryslân, Postbus 7600, 8903 JP, yn Ljouwert. De Omrop soarget der dan foar dat alle post by Piet yn it sikehûs besoarge wurdt.

Trefwurden: 
Piet Paulusma waarman
(advertinsje)