Wetterskip wol drûchteskuorren yn wetterkearing net werstelle

04 aug 2018 - 11:25

It wetterskip wol skuorren yn in wetterkearing by Heech net werstelle. De skuorren binne ûntstien troch de ekstreme drûchte fan de ôfrûne tiid. Troch te sjen wat it mei de dyk docht as de skuorren sitten bliuwe, wol it wetterskip ynformaasje sammelje dy't brûkt wurde kin by de oanlis fan takomstige diken.

De Van Ommenpolder by Heech - Foto: Google Streetview

It wetterskip wol graach witte hoe't de dyk him hâldt yn de drûchte, seit boezembehearder Pier Schaper. Der stiet gjin bebouwing yn de polder, en dat jout it wetterskip kâns om ûndersyk te dwaan. In part fan de skuorren yn de polderdyk by Heech wurdt wol reparearre, seit er, bygelyks om te sjen watfoar materialen oft je dêr it bêste by brûke kinne. "Grûn is in natuerlik materiaal," seit Schaper, "je witte fantefoaren net altyd hoe't dat reageare sil."

Pier Schaper fan it Wetterskip fertelt oer de stân fan de Fryske diken

Yn hiel Fryslân is skea konstatearre by sa'n 16 kilometer oan wetterkearingen. As se te drûch wurde, komme der skuorren yn. In heal persint fan de Fryske diken is neffens it wetterskip ekstra kwetsber. Dat binne foaral de diken yn it Lege Midden en yn de Feangreidegebieten. Dy diken wurde yn de gaten holden. Ynspekteurs fan it wetterskip ha de ôfrûne wiken ekstra kontrôles útfierd fanwege de waarsomstannichheden.

Troch de drûchte is yn 2003 in dyk trochbrutsen by Wilnis, yn Utrecht. Dêrnei binne der strange protokollen kaam foar it ûnderhâld fan de diken. Dêr wurdt no net oan foldien. Dêrom krijt de proef yn de Van Ommenpolder by Heech ek lanlike oandacht.

Trefwurden: 
wetterskip dyk Heech skuorren
(advertinsje)