Kollum: "Fazanten of in poelepetaat?"

"Woansdei waard ik wekker troch in frjemd lûd. Omdat it sa waarm is, ha we de ruten allegearre iepen, dus hearre je dan ek alles. De frachtweinen fan it transportbedriuw dy't earst even waarm draaie en dan stadich it doarp útride. De mobile kraan dy't alle dagen fan de Nij Beetster kant troch de strjitte rydt. It guod op de oanhinger dat in klap jout as er alle dagen troch itselde putdeksel rydt.
Ferdinand de Jong © Omrop Fryslân
De Toan fan Ferdinand de Jong
Klokslach healwei sânen falt de krante op de matte, mar no hearre je ek de besoarger oankommen en wer fuortriden. It is mei dit hite waar ek hiel stil, hast gjin wyn en dus falt elts lûd je op. De klok fan de tsjerke is ek hiel aardich as je de sliep net krije kinne. Wachtsje oant der wer in healoere om is.
Woansdei in oere as healwei seizen skrok ik wekker. It wie al ljocht. Ynearsten hie ik net yn de gaten wêrom't ik wekker wie. As je hast fyftich binne, moatte je healwei de nacht wol even nei it húske, mar dat feest hie ik al hân. Dus gjin reden om net noch even troch te sliepen. Sels de neven hienen my dizze nacht net wekker makke, dat mei ek hast in wûnder neamd wurde. Mar dochs wie der wat oars as oars. Ik hie my krekt noch in kear omdraaid, doe't ik it wer hearde.
In skoftsje lyn hie ik dat hilaryske filmke op Facebook dield wêryn't immen tsjin in ûngediertebestrider los giet mei it ferhaal dat der lêst hat fan fazanten yn de spoumuorre. As jim it net kenne, sykje it mar op.
Ik lei dus krekt wer en doe hearde ik in hiel frjemd lûd. Blikkerich, senuweftich. Ik tocht mei myn sliepperige kop: shit. Karma. No sil ik grif echt fazanten yn de spou ha. Mar it wie oars. Doe't we bûten kamen, blykten we in frjemde gast te hawwen. Hy hie allinnich mar each foar de guozzen yn it lân, mar it bist like net op in goes. It like my earst in kalkoen, mar nei yngreven ûndersyk en tips blykt it om in wite pearelhin te gean. En dy hjitte yn it Frysk ek wol in poelepetaat. As je dat tsien kear achter elkoar sizze, brekke je de bek der oer. Poelepetaat. Besykje it mar. In oare Fryske namme foar it bist is stipkyp. Mar dizze hie gjin stippen, hy wie egaal wyt. In albino stipkyp sûnder stippen. Hoe dan ek, wy sieten dus mei ús freon de poelepetaat. Hy of sy tippele hjir wat om. We ha it bist earst mar yn it lân litten, mar even letter wie se dêr ek al wer út. Se kin dus fleane en se is ek aardich wyld. No wie de fraach fan wa it ien is en wêr't er weikomt. Soks wolle je as Fryske asyl-ferliener fansels al witte.
It bist eamele hjir wat om en ik wit no al dat ik gjin bewûnderder fan de poelepetaat wurde sil. De geiten gedoogden him, de guozzen dienen krekt as bestie er net. De senuweftige wize fan dwaan fan it poelepetaatsje wie harren in gruwel, se stapten statich nei it fierste stik fan it lân en lieten ús frjemde gast yn ûnwissens achter. De hinnen fûnen it ek net echt in oanwinst, krige ik de yndruk.
Lokkich is der Facebook op dizze wrâld. Sa seach ik in dei letter dat der op de buert in wite poelepetaat of wol stipkyp op de loop gien wie en dat de eigner him soargen makke. Ein goed al goed, we ha it bist mei feriene krêften fange kinnen en de rêst is hjir op it hiem werom keard. No de temperatuer noch tsien graden nei ûnder, dan kinne je nachts teminsten wer sliepe."