Meibetelje oan malêze Vestia
Fryske wenningboukorporaasjes binne lilk, omdat se opdraaie foar de finansjele problemen by wenningstichting Vestia. Dy sit troch wanbelied yn swier waar. Ofpraat is dat alle wenningboukorporaasjes yn Nederlân meibetelje moatte. Ek de Fryske. Dy binne skrokken no dat bliken docht dat se tsien jier lang 3.5 miljoen euro ôfdrage moatte. Neffens de Fryske wenningboukorporaasjes sil dat ynfloed ha op ûnder oaren nijbou, renovaasje en duorsumheidsprojekten.