Fûle brân by ôffalrecyclingsbedriuw Snits

04 aug 2018 - 07:50

Yn de nacht fan freed op sneon wie der in fûle brân by in ôffalrecyclingsbedriuw yn Snits. Der is in protte reek frijkaam. Om healwei tolven hinne waard de brânwacht alarmearre. Der stie in ôffalbulte yn de brân, op in terrein oan de Touwslagerstrjitte. It fjoer wie fan fierren te sjen.

Foto: BTB Fotografie

De brânwacht koe it terrein net samar op kommen, omdat der in stek foar stie. Dat siet op slot. It moast iepen seage wurde.

Foto: BTB Fotografie

It hat mear as twa oeren duorre foardat it fjoer ûnder kontrôle wie. Dêr wie de help fan in heechwurker foar nedich, en in kraan. Dy is brûkt om de bulte baarnend ôffal út mekoar te lûken. Sa koe de brânwacht by de kearn fan de brân komme.

It is net bekend hoe't de brân ûntstean koe. Der binne gjin slachtoffers fallen.

Trefwurden: 
brân Snits
(advertinsje)
(advertinsje)