Bestjoer SKS: alle noazen stean deselde kant út

SKS-foarsitter René Nagelhout en bestjoerslid Hilda Boesjes sprutsen yn it Skûtsje Kafee freedtejûn foar it earst iepenhertich oer de rebûlje ferline jier yn de SKS-famylje. It skûtsje fan De Jouwer waard doe diskwalifisearre, om't it mêstbeslach net foldie oan de orizjinaliteitsregels en Langwar hold op om't skipper en bemanningsleden it net iens wiene mei de nije sylformule, dy't foar Langwar tige neidielich útpakte.
It gefolch wie dat der mar tolve skûtsjes finishten, in situaasje dêr't de SKS bot mei ompakte. Yn it Skûtsje Kafee fertelden René Nagelhout en Hilda Boesjes hoe't sy as SKS bestjoer dit oanpakt hawwe.
René Nagelhout en Hilda Boesjes oer it rûzige kampioenskip fan 2017 en hoe no fierder