Boat fan it jier fart net mei yn floatskou Snitswike

03 aug 2018 - 22:37

Mei de start fan de Snitswike is ek de boat fan it jier ekstra yn it sintsje set. It wie al in skoftke bekend dat dy boat fan it jier de MS Albatros is, better bekend as it pontsje nei it starteilân, mar de boat koe sels freedtejûn net by it feestje wêze. It is gebrûklik dat de boat fan it jier by de floatskou foarop fart, mar it pontsje is noch hieltyd drok oan it wurk minsken oer te setten.

De útferkiezing fan boat fan it jier - Foto: Jeroen Boersma, Omrop Fryslân

De boat soe eins ferfongen wurde troch in gloednije, elektryske pont dy't mear minsken en bygelyks ek kampers oersette kin. Mar dizze pont is letter klear as ferwachte, wêrtroch de MS Albatros mei de Snitswike noch ynsetten wurdt. De boat is al sûnt 1990 te finen tusken it starteilân en it fêstelân en koe neffens in keuring noch twa jier mei.

12.000 minsken

Nei skatting moat de boat de kommende wike noch 12.000 minsken oersette fan en nei it starteilân, foardat der echt mei pensjoen mei. De foarige eigener, dy't de boat yn 1988 ferkocht hat oan de stichting Kolmeersland hat al oanjûn him graach wer werom te keapjen. Nei de Snitswike sil de kade ferboud wurde, sadat de nije pont dêr maklik oanlizze kin.

(advertinsje)