Ponghâlder Piet Hibma beneamd ta Panskipper

03 aug 2018 - 22:08

Piet Hibma út Twellingea is beneamd as de 65ste skipper yn de Oarder fan de Sneker Pan. Boargemaster Magda Berndsen fan de gemeente Súdwest-Fryslân makke dit freedtejûn bekend by de iepening fan de Snitswike.

Foto: Gemeente Súdwest-Fryslân

Berndsen neamde Hibma in stille krêft dy't him maksimaal ynset foar de sylsport, earst yn Warkum en letter yn Snits. Mei de ûnderskieding earet de stêd Snits alle jierren in persoan dy't him fertsjinstlik makke hat foar de sylsport en de Snitswike yn it bysûnder. By de ûnderskieding heart in koperen koekpanne wêryn't it stedswapen fan Snits ferwurke is.

Ponghâlder

De 61-jierrige Hibma is al mear as tsien jier ponghâlder fan de KWS, de Keninklike Wettersportferiening Snits. Fierder is hy belutsen by it jeugdsilen. Ek wie hy mear as tweintich jier bestjoerder foar de sylferiening fan Warkum.

(advertinsje)