PODCAST: It Skûtsje Kafee sjocht foarút op it SKS kampioenskip

03 aug 2018 - 20:08

It Theehuis yn Grou wie freedtejûn omtsjoene ta it Skûtsje Kafee. Yn it Skûtsje Kafee waard foarútsjoen op it SKS skûtsjesilen kampioenskip, dat sneon fan start giet. Under mear de nije skippers Jappie Visser (Snits) en Rinus de Jong (De Jouwer) kamen del. Skriuwers Frits Jansen en Eldert Meeter praten oer it jubileumboek fan it Huzumer skûtsje en Johannes Meeter, de hjoeddeistige skipper fan dat skûtsje, seach foarút op it kommende kampioenskip. Hearst it allegear hjirûnder, yn de útstjoering fan it Skûtsje Kafee.

PODCAST Skûtsje Kafee

Foto: Omrop Fryslân

Fan 06.10 ôf: weromsjen op foarich jier mei René Nagelhout en Hilda Boesjes fan de SKS.

Fan 22.02 ôf: offisjele útrikking jubileumboek fan Huzumer skûtsje.

Fan 46.38 ôf: in kollum fan sportferslachjouwer Koos Wieling.

Fan 50.52 ôf: skipper Rinus de Jong fan it Jouster skûtsje.

(advertinsje)
(advertinsje)