Pieter Jan Postma pakt kopposysje yn WK silen

03 aug 2018 - 18:22

Pieter Jan Postma hat op de twadde dei fan it WK silen yn Aarhus de kopposysje pakt yn it klassemint. De Finn-siler út Terkaple waard yn de races fan freed ien kear earste en twa kear tredde. Marit Bouwmeester en Mirthe Akkerman kamen freed foar it earst yn aksje yn de Laser radial-klasse: sy steane nei de earste dei respektyflik tredde en 22e.

Foto: ANP

Postma gie yn syn earste race fan de dei al gau oan kop en koe de kopposysje beethâlde oant de finish, Ek yn de folgjende races einige er op in moaie posysje; hy waard twa kear tredde. Mei dy útslaggen giet Postma oan kop yn it Finn-klassemint.

Goede start

''Der wurdt hjir hiel hurd fearn'', fertelt Postma. ''It wie wichtich om in goede start te hawwen, en dat gie ek super! Ik hie hjoed in goede dei, mar ik moat it no ek de oare dagen sjen litte. Hjir yn Aarhus is it pas klear as de lêste race syld is.''

Bouwmeester en Akkerman

Ek Marit Bouwmeester begûn sterk oan it WK mei in tredde en in twadde plak. Dêrmei komt se op in dield tredde plak yn it klassemint terjochte. ''It wie in goede dei om mei te begjinnen'', seit se. ''De earste race hie noch wat better kinnen, mar it wie frij solide.'' De jonge Mirthe Akkerman einige as tsiende en fyftjinde yn har races.

(advertinsje)
(advertinsje)