Piet knapt wer aardich op, mar bliuwt noch yn it sikehûs

Piet Paulusma is tige wiis mei alle betterskipswinsken dy't er de ôfrûne dagen krigen hat. De waarman waard ôfrûne woansdei opnommen yn it sikehûs mei termproblemen, sa docht út de ûndersteande ferklearring bliken.
© ANP

Ferklearring:

''Graach bring ik elkenien even op de hichte fan wat der my mei oan de hân is. Yn de nacht fan tiisdei op woansdei krige ik in akute blokkade yn myn term. Ik bin woansdei nei it sikehûs brocht en operearre. Ik bin no hertellende fan myn operaasje. Undersiken moatte no útwize wat de oarsaak is fan dizze blokkade. Ik wol elkenien nochris betankje foar de belangstelling en de betterskipswinsken. Gelokkich wurde myn taken goed oernommen troch myn dochter Martsje en myn oare kollega's.''