Fyftich âlde motorboaten yn de Ljouwerter Prinsetún

03 aug 2018 - 18:01

Sa'n fyftich boaten binne yn de Prinsetún yn Ljouwert byelkoar kaam om it 40-jierrich jubileum te fieren fan de feriening fan boateigeners: Oude Glorie. Alle boaten yn de feriening binne fan foar de Twadde Wrâldoarloch en wurde mei soarch kreas holden troch de eigeners. Fjirtich jier lyn waard de feriening yn Ljouwert oprjochte, dus fûn it bestjoer it wol goed om werom te kommen op it plak dêr't it allegear begûn.

In gesellige sfear yn de Prinsetún - Foto: Jeroen Boersma, Omrop Fryslân

Freedtemiddei tusken twa en fjouwer oere kamen de boaten binnen yn Ljouwert. De earste boaten wiene op 28 july al úteinset yn Aalsmeer. Dêrnei heakken de oare boaten oan. Yn Ljouwert waarden se feestlik ûnthelle mei ûnder mear it Ljouwerter Shantykoar.

De flagge fan it 'farrend erfguod' - Foto: Jeroen Boersma, Omrop Fryslân

Guon skippen binne al fan fier foar 1940. Sa leit der in boat út Snits út 1911. Dochs sjogge alle boaten der noch prachtich út. Dat is ek it doel fan de feriening: it behâld fan it kultureel erfgoed en de kennis fan de âlde boaten. Hast alle boaten hawwe ek in spesjale flagge hingjen, dy't oanjout dat de boat 'farrend erfgoed' is. Doel fan dizze gearkomste yn Ljouwert is ek om der mear jongerein by te belûken.

(advertinsje)