Grutte stiennen ferhuze nei Museum Dokkum

By graafwurksumheden op De Markt yn Dokkum kamen grutte stiennen nei boppe. Dy waarden sa'n tûzen jier ferlyn brûkt as fundearring foar de earste stiennen fan de Bonifatiusabdijtsjerke yn Dokkum.
Grutte stiennen ferhúze nei museum Dokkum
Hast wienen se ferwurke ta pún, mar Ihno Dragt, direkteur fan Museum Dokkum, hat alle stiennen feilich steld en fiif dêrfan by de yngong fan it museum pleatst. "Ik heb een soort assortiment meegenomen, want er lagen echt heel veel. Je zou er zo een hunebed van kunnen maken."
Het is net zoals een nakomertje.
Ihno Dragt, direkteur Museum Dokkum
Uteinlik moatte al dy âlde stiennen in plakje krije op De Markt, fynt Dragt: "Het is net zoals een nakomertje. Het komt niet uit, maar het is onlosmakelijk verbonden met het gezin. Zo zie ik deze stenen ook, ze moeten terug naar De Markt."
De grutste stien dy't no by it museum leit, is sa'n 1.20 meter breed en 300 kilo swier. "We hebben ze gisteren goed schoongemaakt en nu de grote steen droog is, is er iets wits te zien. Dat lijkt wel mortel te zijn geweest."
© Omrop Fryslân
Neffens Dragt groeven se eartiids in djippe kûle dêr't se de stiennen yn pleatsten. Dêrnei kaam der seeklaai op en lytsere stiennen. It gehiel waard oanstampt, sadat der in laach fan trije fundearringsstiennen ûntstie. It wie dêrtroch goed fundearre, yn tsjinstelling ta de toer dy't der letter by boud is. Dy waard lykas de Aldehou net sa fundearre en is dêrtroch ek fersakke.
It Museum Dokkum sil ûndersyk dwaan nei de komôf fan de stiennen foardat se brûkt binne foar de tsjerke.
De stiennen dy't net by it museum lizze, binne tydlik dellein by in bouterrein yn Ternaard. Dragt hopet dat se in moai plakje krije kinne op de Dokkumer Markt. De Markt wurdt op dit stuit werynrjochte yn ferbân mei de komst fan de IIsfontein. Dragt fynt dat de stiennen dêr, ek al stiet der aanst in fontein, ta harren rjocht komme. "Het is doodzonde als het op een grasveldje ligt. Het is verbonden aan die plek, aan het verhaal daar." Nei de simmerfakânsje sil de gemeente in beslút nimme oer wat se definityf mei de stiennen dwaan sille.