Frou slacht man brutsen noas: boete ûnder betingst

03 aug 2018 - 17:16

Nei't in man denigrearjende opmerkingen makke hie oer har freondinne, sloech in 44-jierrige frou út De Harkema him in brutsen noas. It levere har freed by de rjochtbank in boete fan 250 euro ûnder betingst op.

Foto: Omrop Fryslân

It barde allegear op 2 desimber 2017 yn de kantine fan de Harkemase Boys. De frou seach dat har freondinne bot oandien wie troch it narjen fan de man, en stapte op him ôf. It rûn út de hân en de man krige in klap. De frou sei tsjin de rjochter dat se mist hie, mar neffens tsjûgen stie de noas fan de man skeef op syn holle.

Ut de tiid

Neffens de frou is sy letter troch ûnbekenden werom pakt en út de tiid slein. Se kaam by yn de bestjoerskeamer. De rjochter koe har wat foarstelle by de reaksje fan de frou en fûn it moai dat se it opnaam foar har freondinne, mar geweld is gewoan net tastien. ''De volgende keer moet u het anders doen.''

Trefwurden: 
De Harkema rjochtbank geweld
(advertinsje)