FIDEO: Wa binne de kânshawwers by de SKS?

03 aug 2018 - 16:27

Mei noch mar ien nacht oant it skûtsjesilen fan de SKS sjocht Omrop Fryslân foarút en rint de kânshawwers fan 2018 nei. Alles watst witte moatst oer de skûtsjes dy't kâns meitsje op de titel falt hjir te sjen.

Grou giet foar prolongaasje

De earste kânshawwer is de man dy't foarich jier foar de fjirde kear kampioen waard en de lêste jierren altyd foaroan te finen is: Douwe Visser fan Grou. Hiel gedreven en mei in bemanning dy't as in oaljede masine wurket. Douwe Visser giet foar prolongaasje fan de titel!

Grouster skûtsje op de Snitser Mar - Foto: Omrop Fryslân

De ferrassing fan 2017

Ferline jier de grutte ferrassing: Sytze Brouwer fan it Hearrenfeanster skûtsje. No is dat in hiel rap skûtsje, mar as earstejiers skipper sa'n prestaasje delsette is útsûnderlik. Sytze Brouwer is absolút ien fan de kânshawwers op de titel.

Foto: Martin de Jong

Pieter Meeter fan Akkrum

Troch de rest fan de float wurdt er steefêst neamd as ien fan de favoriten. Nei de earste wike stiet er gauris boppe-oan en dan sakket er troch malheur en dommichheid de twadde wike ôf. Mar dat sil dit jier oars! Pieter Meeter fan Akkrum wól en sil ris op dy heechste trêde stean!

Outsider

En dan in outsider dy't yn it foarseizoen sjen liet mei de allerbêsten mei te kinnen, wylst it skûtsje jierrenlang fêst op it 14e plak einige. Mar mei in oar skûtsje, in folslein nije bemanning en in nije skipper is foarich jier it paad omheech ynslein: mei Johannes Meeter fan Huzum moat dit jier serieus rekken holden wurde.

Foto: Omrop Fryslân
Trefwurden: 
skûtsjesilen SKS
(advertinsje)
(advertinsje)