Frekwint ytpiraat (23) oanhâlden yn Ljouwert
De plysje yn Ljouwert hat tongersdeitejûn in 23-jierrige ytpiraat út Zwolle oanhâlden. De man joech yn in restaurant oan dat hy it iten net betelje koe.
Ut ûndersyk die bliken dat de man dit faker dien hie, bygelyks op It Hearrenfean. De man sit fêst foar fierder ûndersyk.