Van Oord en Siemens bouwe wynpark yn de Iselmar

03 aug 2018 - 15:54

Baggerbedriuw Van Oord en Siemens Gamesa Renewable Energy sille Wynpark Fryslân bouwe. Dat wynpark mei 89 wynmûnen komt yn it Fryske part fan de Iselmar.

Foto: Omrop Fryslân

It giet om in ynvestearringsbedrach fan goed 500 miljoen euro. Der wurdt ek in natuereilân oanlein neist de Ofslútdyk. Dat wurdt ûnder de wurksumheden earst brûkt as wurkeilân, dêrnei wurdt it in natuergebiet.

Duorsume stroom

It wynpark krijt in totaal fermogen fan rom 380 megawatt. Dêrmei draacht it wynpark fan 2012 ôf goed sechstich persint by oan de Fryske doelstelling foar duorsume stroom. Dat is fergelykber mei it stroomgebrûk fan 400.000 húshâldens. Siemens sil it wynpark yn elts gefal sechstjin jier ûnderhâlde.

(advertinsje)