Ynternasjonaal beset WK Frysk damjen úteinset yn Ljouwert

03 aug 2018 - 15:41

It earste wrâldkampioenskip Frysk damjen is freed úteinset yn it âlde stedhûs fan Ljouwert. Dammers út binnen- en bûtenlân stride oant en mei 10 augustus om de wrâldtitel. Hoe komme dy bûtenlanners derby om dizze fariant te spyljen? Wa binne de favoriten? Hoe is it te folgjen? Liuwe Westra fan de organisaasje jout útlis.

Foto: Stichting WFD

It WK is hjoed begûn. Hoe gie de start?

It is freedtemoarn moai iepene troch deputearre Michiel Schrier. We sitte op in prachtige lokaasje. Dat fine we sels, mar dat hearre we ek fan elkenien dy't hjir is. De lokaasje past by de status fan in WK. It makket it ek wat djoerder. Wy hienen ek in loads ôfhiere kinnen, mar dat past net by in WK.

It totale prizejild is ek 10.000 euro. Dat is foar de dielnimmers ek oantreklik, we kinne net mear oankomme mei allinnich in medalje en in boskje blommen.

Fierder ha we derfoar soarge dat it op ynternet ek allegear goed te folgjen is. Soks is net fergees, dat makket it wat djoerder. Dêrom wie it ek even de fraach oft it wol trochgean koe, mar we ha dus alles rûn krigen.

Hoe sit it WK yn elkoar?

De earste partijen wienen freedtemoarn. Dat wienen direkt moaie partijen. Yn it foar tinke je dat de bûtenlânske dielnimmers wat minder thús binne yn it Frysk damjen, mar dy spilen ek keurige partijen. Yn trije partijen wie der in winner, de oare einige yn remize.

Der binne sechstjin dielnimmers oan dit WK. Dy spylje earst acht ronden. Dan witte we tiisdeitemiddei wa't de bêste fjouwer dammers binne. Dy spylje fan woansdei ôf elk seis finalewedstriden.

De measte dielnimmers binne Friezen, mar we ha ek in dielnimmer út Amsterdam, België, Kamerûn, Ruslân, Oekraïne, Tsjechië en Italië. Der is in ynternasjonale fariant fan it damjen, mar sawat eltse regio hat ek in eigen fariant.

Hoe komme dy ynternasjonale dielnimmers derby om it Fryske spul te beoefenjen?

Dizze Fryske fariant wurdt yn dy oare lannen net in soad spile, mar se kinne troch it ynternet wol goed oefenje. Dat hie 15 jier lyn bygelyks net kinnen. Troch online kontakt ha we de bûtenlânske dammers ek wat holpen en tips jûn.

We wolle graach dat it Frysk damjen op wrâldnivo in belangrike tinksport wurdt. It is gjin maklike fariant, it is op syn minst sa muoilik as it ynternasjonaal spul. Tinke kinne al dy bûtenlânske topdammers wol, mar se moatte eins op 'e nij damjen leare, in hiel nije set fan regels.

De Rus Alexander Georgiev hat bygelyks jierren oan it trainen west. Itselde jildt foar Hans Jansen, de Amsterdamske dielnimmer oan dit WK. Je moatte in behoarlike ynspanning ferrjochtsje om it goed te learen.

Wa binne de favoriten?

Georgiev en Jansen lykje fan de net-Friezen op foarhân guon fan de betteren, mar de dammers út de oare lannen sjogge we net sa faak. Miskien binne sy ek wol goed wurden. Fan de Friezen binne Jelle Wiersma, Taeke Kooistra en Marten Walinga de favoriten. Mar it sit allegear ticht by inoar.

Hoe kinne we it WK Frysk damjen folgje?

Je kinne sels nei it âlde stedhûs yn Ljouwert komme. Der stiet yn tribune yn de Oranjeseal, dêr'tst de partijen sjen kinst. Kinst ek yn de ûntfangstseal sitte, de Nije seal is dat. Dêr sitte minsken dy't it spul útlizze wolle en foar de analyze soargje. Dammers dy't foar de finale ôffalle, dogge ek mei oan in toernoaike mei oare farianten yn dy Nije seal.

En foar wa't net yn Ljouwert komt, dy kin terjochte op frisiandraughts.com. Dêr stiet allerhande ynformaasje oer it toernoai. Ek kinst fia de grutte reade knop op in pagina komme dêr'tst it WK live meisjen kinst.

It WK Frysk damjen is ek live te sjen fia de webside fan Omrop Fryslân.

Trefwurden: 
WK Frysk damjen Liuwe Westra
(advertinsje)