Snitser (40) stelt jierrenlang út kassa fan wurkjouwer

03 aug 2018 - 15:37

Hy hie it finansjeel dreech; dêrom stiel in 40-jierrige Snitser jierrenlang jild út de kassa fan de Benu-apoteek op De Jouwer. Mei help fan in resjerzjebedriuw waard de man trappearre. Freed krige hy fan de rjochter in wurkstraf fan tachtich oeren oplein.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Hy moat boppedat 1500 euro werom betelje oan syn eardere wurkjouwer. Opmerklik oan de útspraak wie dat de rjochter mei syn tachtich oeren in hegere straf oplei dan de sechstich oeren dy't justysje easke hie. De man wurke al sûnt de jierren '90 by de apoteek. Fan 2015 ôf begûn hy jild út de kassa te heljen.

Doogde net

Om foar te kommen dat syn baas der achter komme soe, fierde hy ferfallen transaksjes yn. It holp net, want syn wurkjouwer kaam der achter dat de kas regelmjittich net doogde. De Snitser joech wol oan dat hy in soad spyt hat fan syn stellerij.

(advertinsje)