Automobilist nei sikehûs nei botsing mei trekker by Stynsgea

03 aug 2018 - 15:16

In automobilist is freedtemoarn op de Uterwei by Stynsgea ferwûne rekke by in botsing mei in trekker. De auto klapte op de krusing tsjin it frontgewicht fan de trekker en draaide troch de klap folslein om.

Foto: De Vries Media

De bestjoerder is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. De helptsjinsten hawwe ien rydbaan ôfsletten om de auto bergje te kinnen. Dy is dêrnei fuortsleept.

(advertinsje)
(advertinsje)