Wetterskip jout bouboeren seis oeren langer om te bereinen

Wetterskip Fryslân hat besletten om de bereiningsmooglikheden foar de bouboeren te ferromjen. De bouboeren meie no jûns fan 18.00 oere ôf bereine oant de oare moarns 10.00 oere. Dat is in stik rommer as de âlde tiden, want doe mocht allinnich tusken 22.00 oere en 08.00 oere moarns bereind wurde.
Boeren meie mooglik wat earder bereine
Bereining © ANP
Wetterskip Fryslân krige in soad fragen oer dat bereiningsferbod, ek al omdat bouboeren yn Grinslân en Noard-Hollân wol oerdeis bereine meie.
De bouboeren hawwe it no seis oeren mear oan tiid om harren gewaaksen te bereinen. Yn kombinaasje mei dy ferromming docht Wetterskip Fryslân opnij de oprop om sunich te wêzen mei wetter.
It bereinen fan gerslân bliuwt foarearst ferbean. Dy maatregel is needsaaklik, salang't it sa waarm en sa drûch is as no, lit Wetterskip Fryslân wite. De ôfrûne dagen wie der in soad diskusje oer it Fryske bereiningsferbod.

LTO Noord tefreden, fakbûn net

Lânbou-organisaasje LTO Noord is tefreden oer de ferromming fan de tiden dat boeren har gewaaksen bereine meie. Regiobestjoerder Tineke de Vries fan LTO Noord hie leaver hielendal gjin bereiningsferbod hân, mar begrypt ek dat soks troch de ekstreme omstannichheden lestich is.
LTO wiist der ek op dat de ferromming fan de tiden net allinnich goed is foar de gewaaksen op it lân. It is ek better foar it wolwêzen fan de boer. Dy hoecht no net midden yn de nacht oan it wurk om it lân wiet te hâlden.
De Nederlandse Akkerbouwvakbond is net alhiel tefreden. Wurdfierder Teun de Jong hie leaver wollen dat de regels foar it bereinen by alle wetterskippen gelyklutsen wiene. Op in oantal plakken mei bygelyks oerdei noch wol bereind wurde, wylst dat yn Fryslân net tastien is.