Camping op Flylân nimt maatregels fanwege drûchte

03 aug 2018 - 13:29

De drûchte dy't al wiken oanhâldt makket dat ek campings maatregels nimme. Op camping Stortemelk op Flylân bygelyks mei op de measte plakken net mear smookt wurde en iepen fjoer brâne. Kampfjurren op it neistlizzende strân binne ferbean en der is ekstra blusmateriaal beskikber, mocht it al misgean.

Drûchtemaatregels op camping Stortemelk - Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust

Campingbaas Jan van der Veen

Op Flylân waard in pear wiken lyn al koade read ôfkundige fanwege de drûchte en it brângefaar. Dy koade jildt no ek op de camping. Gasten wurde op de maatregels wiist troch posters dy't rûnom yn de omjouwing delhongen binne.

Klachten oer de maatregels hat campingbaas Jan van der Veen noch net hân. "Ik denk dat de mensen het op dit moment heel goed begrijpen."

Trefwurden: 
camping drûchte Stortemelk
(advertinsje)
(advertinsje)