Plysje drok mei mishannelingen yn Ljouwert

03 aug 2018 - 13:25

De plysje yn Ljouwert wie tongersdeitejûn drok mei twa mishannelingen. Yn beide gefallen wie drank of drugs yn it spul.

Foto: Omrop Fryslân

Op de Voorstreek waard in 45-jierrige frou mishannele. De 32-jierrige fertochte koe koart dêrnei op de Oldegalileën oanhâlden wurde. De man wie ûnder ynfloed en woe net meiwurkje oan in alkohol- en drugstest. Hy sit noch fêst.

Op it Birdplein waard in lid fan it buertprevinsjeteam mishannele. Der is in 59-jierrige fertochte oanhâlden. De man wie ûnder ynfloed fan drank en sit noch fêst.

Trefwurden: 
plysje Ljouwert mishanneling
(advertinsje)
(advertinsje)