Griene fytsen oan ferkearsbuorden op It Hearrenfean

03 aug 2018 - 12:23

Meiwurkers fan de gemeente Hearrenfean ha woansdei rûnom yn de gemeente tsientallen griene fytsen oan ferkearsbuorden fêstmakke. De opmerklike aksje is bedoeld om oandacht te freegjen foar de earste etappe fan de BinckBank Tour, dy't op moandei 13 augustus fan It Hearrenfean nei Boalsert giet.

It is foar it earst dat in belangrike hurdfytswedstryd op It Hearrenfean fan start giet. It hat de gemeente 53.000 euro koste om de start fan de tocht nei It Hearrenfean te heljen. Dat jild is benammen bedoeld as startjild foar de profesjonele hurdfytsers.

Op de dei sels is der in fytsplein ynrjochte op de Abe Lenstrabûlevaar, dêr't allerhande aktiviteiten om de hurdfytswedstriid hinne hâlden wurde.

(advertinsje)
(advertinsje)