Wurkje yn kemper troch brân

26 jun 2012 - 16:46

Utsjoerburo Tempo Team op de Ljouwerter Skrâns hâld tydlik sprekoere yn in kemper. Troch de wetterskea as gefolch fan bluswurksumheden by de grutte brân fan moandeitenacht is it gewoane kantoar net mear brûkber. Dat kantoar wie krekt folslein ferboud.

Om wol sa gau as mooglik wer oan it wurk te kinnen, hat it bedriuw in kemper op de stoepe set om fan dêr út te wurkjen. Der wurdt socht nei in leechsteand gebou yn de buert om tydlik in kantoar fan te meitsjen. Want it herstelwurk sil nei alle gedachten moannen duorje.

Trefwurden: 
brân Tempo Team
(advertinsje)
(advertinsje)