Plan foar hotel seedyk Harns

05 nov 2011 - 11:42

Der komt in nij lúkse hotel oan de Westerseedyk by Harns. It wurdt it earste fiifstjerrehotel yn it Noarden. It plan is fan Bette en Paul Temming út Tsjummearum. Sy dogge no lúkse fartochten mei in klipper. Yn it hotel mei 16 keamers is wurk foar 60 minsken.

Yn ferbân mei takomstige dykferhegingen mei net binnen in ôfstân fan 130 meter boud wurde. De gemeente wol dat dêr in ûntheffing foar komt. Yn 2013 moat it der stean.

(advertinsje)
(advertinsje)