Hoe kinst it skûtsjesilen it bêste folgje dit jier? Lês it hjir!

03 aug 2018 - 11:32

It leafst sitst fansels sels by it wedstriidwetter, op de boat of op in klapstuoltsje by it wetter. Mar as dat no écht net slagget, is dêr altyd Omrop Fryslân noch. Ek dit jier makket Omrop Fryslân alle dagen útstjoeringen fan it wedstriidwetter ôf. Op hokker wize kinst it skûtsjesilen no it bêste folgje? Do lêst it hjir!

Skûtsjes by de Snitser Mar - Foto: Omrop Fryslân

Livestream

Foar de échte diehard skûtsjefans hat Omrop Fryslân de skûtsje-livestream. In Fryske stream by de skûtsjebylden, mar sûnder nijs en muzyk tuskentroch. Folslein rjochte op de echte leafhawwers dy't gjin sekonde fan de wedstriid misse wolle. Freark Wijma en Eelke Dykstra fersoargje it ferslach by de SKS, Koos Wieling en Eelke Dykstra by de IFKS. De stream is te finen op Omropfryslan.nl en op de Omrop-app.

Foto: Omrop Fryslân

Skûtsje Kafee

Net allinnich sneon, mar ek freedtejûn al moatst yn Grou wêze. Om presys te wêzen yn it Theehuis. Dêr wurdt om 17.30 oere it Skûtsje Kafee makke. Yn it Skûtsje Kafee sjogge Geartsje de Vries en Gjalt de Jong foarút op it SKS-kampioenskip fan dit jier. Under oaren de nije skippers fan Snits en De Jouwer, Jappie Visser en Rinus de Jong, skowe oan. Foarsitter fan de SKS René Nagelhout skoot oan om te praten oer de nije regels binnen it skûtsjesilen.

Op freed 17 augustus wurdt yn it Skûtsje Kafee yn Hylpen it IFKS-kampioenskip foarbeskôge. De presintaasje leit yn hannen fan Afke Boven en Aukje de Hoop. Te gast binne ûnder oaren Ton Brundel en Daan van der Meer.

Beide programma's wurde útstjoerd om 19.00 oere op radio by Omrop Fryslân.

Foto: ANP

Radio

Us eigen Geartsje de Vries en Gjalt de Jong (SKS) en Andor Faber en Gjalt de Jong (IFKS) sitte mei it skûtsjesilen wer trije wiken op it wedstriidwetter om elkenien by te praten oer wat der bart. Wa leit oan kop, hoe komme se it krúsrak troch en wa hat de bêste papieren om te winnen? Ek foar de minsken dy't wol by it wedstriidwetter sitte: mei kommentaar fan ús kommentatoaren bliuwst nóch better op 'e hichte. De radio op 92.2FM dus!

Foto: ANP

Telefyzje

Mar eins moatst al dy prachtige skippen gewoan sjen. Dêrom stjoert Omrop Fryslân it skûtsjesilen fan beide kampioenskippen út op telefyzje. Middeis fan 14.00 oere ôf is de wedstriid live op telefyzje te folgjen. Jûns om 18.00 oere sit der yn Fryslân Hjoed in spesjaal 'skûtsjesblok' om elkenien by te praten oer de dei: skerpe analyzen en in sfearreportaazje fan de dei. En last but not least: jûns om 21.00 oere in oere lange gearfetting fan de wedstriid. No, ast dan nóch net op 'e hichte bist, dan witte wy it ek net mear...

Foto: ANP

Online

Facebook, Twitter, Instagram en de webside: it sil de kommende wiken bol stean fan ynformaasje oer it skûtsjesilen. Omrop Fryslân sit boppe-op it skûtsjesilen en hâldt dy op 'e hichte. Ek dit jier hat Omrop Fryslân wer de skûtsjepool. Bisto in masterfoarsizzer yn it skûtsjesilen? Doch dan mei oan ús skûtsjepool fia Omropfryslan.nl/skutsjepool.

Trefwurden: 
skûtsjesilen IFKS SKS
(advertinsje)
(advertinsje)