Yn Portret: de Reuzen fan Ljouwert

03 aug 2018 - 11:16

De Dûker, it Famke en de hûn Xolo. Dat binne de trije reuzen fan Royal de Luxe dy't yn augustus nei Ljouwert ta komme. Se komme lykwols net allinnich. Alle trije hawwe se de help fan in lyts leger nedich om troch de Fryske haadstêd te kuierjen. Want in besite fan de Reuzen fan Royal de Luxe hat wol wat fuotten yn de ierde.

Royal de Luxe Reuzen - Foto: Royal de Luxe, Serge Koutchinsky

It Famke

Soest it miskien net sizze, mar it "lytse" Famke fan Royal de Luxe is de âldste fan it selskip dat nei Ljouwert ta komt. Berne yn 2005 is se yntusken alwer trettjin jier âld. En yn dy trettjin jier hat it Famke al mear fan de wrâld sjoen as de measte minsken fan 'gewoane hichte'. Sa hat se al troch de strjitten fan Montreal yn Kanada kuiere, hat se it prachtige Santiago yn Sily besjoen, en hat se sels al down under west, yn Perth yn Australië.

By dizze reizen hat it Reuzefamke de help nedich fan tweintich lytsere minsken. Dizze minsken helpe it 800 kg swiere famke om foarút te kommen, en om har earms, liif en holle te bewegen.

It Reuzefamke is yn Ljouwert om te sykjen nei har heit de Dûker dy't tûzenen jierren lyn holpen hawwe soe om Fryslân drûge fuotten te jaan. Se sil mei in topsnelheid fan 2,5 kilometer yn de oere de Fryske haadstêd trochsykje om har heit te finen.

Xolo de hûn - Foto: Royal de Luxe

Xolo de Hûn

It famke komt net allinnich nei Ljouwert ta, se nimt har trouwe hûn Xolo mei. It bist, dat noch it measte liket op in hardershûn, is de jongste en de lytste fan it selsskip. Berne yn 2010 is er yntusken al wol acht jier âld, in hiele leeftiid foar in hûn. De reuzehûn mei dan miskien lytser wêze as syn kompanen, hy stekt mei syn trije meter noch hieltyd fier boppe alle Friezen út, en hat krekt lykas it Famke in heal leger fan 20 man nedich om fier troch Ljouwert te stappen.

Dizze tweintich meiwurkers fan Royal de Luxe moatte hurd wurkje by Xolo, want de hûn is fierút de rapste fan it Frânske selsskip, mei in topsnelheid fan 18 kilometer yn de oere, moatte sels de 'gewoane minsken' yn folle draf om it bist by te hâlden. Mar Xolo wol ek bêst wol eefkes rêstich kuierje. Dat docht er mei in snelheid fan 4,5 kilometer yn 'e oere.

Xolo komt op 17 augustus tegearre mei it Famke oan op it stasjon fan Ljouwert. It is foar Ljouwert te hoopjen dat ien fan de tweintich helpers fan Xolo ek syn stront oprêde sil, want it is net dúdlik hoe grut as de drollen fan Xolo binne.

De dûker - Foto: Royal de Luxe

De Dûker

De grutste reus yn it Ljouwerter selskip is de Dûker. Mei syn alve meter is de figuer yn folsleine dûkersoutfit al fan fier te sjen. Grutte kâns dat er grutter wêze sil as guon huzen yn de Ljouwerter bûtenwiken. Mei troch syn lingte hat de Dûker ek in stik mear 'helpers' nedich om foarút te kommen: 40 yn totaal binne der dwaande om him goed troch Ljouwert te stjoeren, mei in topsnelheid fan twa kilometer yn 'e oere. De 'helpers' hawwe hjirby de kontrôle oer hast trije ton oan hout, stof en hier.

De syktocht nei de Dûker stiet sintraal yn Ljouwert. Net ien wit wêr't er is, en syn dochter, it Reuzefamke, komt mei har hûn Xolo nei Ljouwert om him te sykjen. De Dûker hat in bysûndere bân mei Fryslân. Miljoenen jierren lyn hat er nammentlik holpen om de provinsje te beskermjen tsjin it wetter. Hy soe dêrby de bergen út it lânskip weihelle hawwe, om dêrmei diken te meitsjen.

Wêr't de grutste reus yn Ljouwert krekt 'opdûke' sil....en oft it famke him fine sil...it is noch ôfwachtsjen. 17, 18 en 19 augustus witte wy mear.

(advertinsje)