Haai sjoen foar de kust fan Skylge

By it strân by Hoarne op Skylge is in hast 1 meter lange haai yn it wetter sjoen. Jitze Bakker die de melding by de seehûneopfang op it eilân. Dy hat fuortendaliks de strânwachten fan de KNRM by Peal 8, Midslân en Formearum warskôge. Dêrneist is SOS Dolfijn om ried frege.
© Facebook Seehûneopfang Skylge
Ut ûndersyk die bliken dat it giet om in flekte glêde haai. Dy binne hieltyd faker te sjen foar de Nederlânske kust. De haaien binne net gefaarlik foar de mins.
Yn de jierren '70 wiene der folle mear haaien yn de Noard- en Waadsee en it liket der op dat se weromkomme. De reden dêrfan is foarearst net bekend, mar neffens saakkundigen is de weromkomst in goed teken foar de fiedselstring yn de Waadsee.