Rûte fan Hemdykrintocht by Blauhús folslein opknapt

03 aug 2018 - 10:32

Dielnimmers oan de Hemdykrintocht, mei start en finish yn Blauhús, kinne by de earstfolgjende edysje op folslein fernijde paden rinne. Sawol op it trajekt Blauhûs, Dedzjum, Parregea as it parkoers Nijesyl, Pikesyl en Westhim, Blauhús is de dyk opknapt. Dêrneist is ek by Syp-Set oan it Brekkenpaad it betonpaad en it dek fan de spoartunnel fernijd.

Foto: Hemdykrintocht.nl

"De rûte leit der pikobello by, de reade loper is foar ús rinners útrôle", seit de organisaasje.

De Hemdykrintocht is dit jier op 1 septimber. Kuierders kinne 10, 20 of 30 kilometer rinne. Underweis binne der ferskate kulturele aktiviteiten, sa as muzykoptredens en in parade fan boaten.

Trefwurden: 
Blauhûs Hemdykrintocht
(advertinsje)
(advertinsje)