Omrop TIP: It ûnthaal fan de Tall Ships yn haven fan Harns

De Tall Ships dogge freedtemiddei foar de twadde kear yn de histoarje de haven fan Harns oan. Kinst hjir net by wêze? Gjin need. It evenemint is by Omrop Fryslân streekrjocht te folgjen.
De Tall Ships Races © Omrop Fryslân
De races sit der dan al op, mar de sylskippen út binnen- en bûtenlân litte harren freedtemiddei oan it grutte publyk sjen yn de Harnzer haven én op Omrop Fryslân.
It ûnthaal fan de Tall Ships is tusken 12.00 oere en 18.00 oere streekrjocht te folgjen op de webside en de app fan Omrop Fryslân. Ek binne de bylden fan de ynkomst te sjen op telefyzje en is ferslach fan it evenemint te hearren op radio.