Wetterskip tinkt nei oer ferromjen bereiningsferbod

03 aug 2018 - 08:57

It bereiningsferbod fan de ôfrûne wiken hat sa goed holpen dat Wetterskip Fryslân der oan tinkt dat ferbod wer wat te ferromjen. No is it noch sa dat bouboeren pas jûns om 22.00 oere mei bereinen begjinne meie.

Bereining - Foto: ANP

Loko-dykgraaf Jan van Weperen fan Wetterskip Fryslân

Fan 22.00 oere ôf bereine is net goed foar it sosjale libben en it bioritme fan de boeren. Wetterskip Fryslân is dêrom fan doel om dêr 20.00 oere jûns fan te meitsjen.

It ferskil liket net sa grut, mar mei in bereiningssyklus fan fjouwer oeren, kin de boer om 00.00 oere noch in kear de hispel ferpleatse en dêrnei op bêd gean. As de bereiningsapparaten midden yn de nacht ferpleatst wurde moatte, komt fan sliepen net folle mear, sa hat it wetterskip fan de boeren te hearren krigen.

Temjitte komme

Wetterskip Fryslân hie tongersdeitejûn in ekstra gearkomste fan it algemien bestjoer oer de drûchte. Dêr is wiidweidich praat oer mooglikheden de boeren wer in bytsje temjitte te kommen.

Dat kin, omdat it troch it bereiningsferbod wer wat better giet mei de Fryske wetterhúshâlding, seit loko-dykgraaf Jan van Weperen. "De boeren houden zich goed aan het beregeningsverbod en daardoor kunnen wij het water weer wat beter in de polders krijgen."

Koade oranje

It algemien bestjoer waard ek bypraat oer de mooglike gefolgen fan koade oranje, in mooglik wettertekoart, foar Wetterskip Fryslân. Omdat it wetterskip earder al it beslút naam ta in bereiningsferbod is der op dit stuit noch gjin needsaak ta ekstra maatregels.

(advertinsje)
(advertinsje)