Wevers pleatst har op favorite ûnderdiel foar EK-finale

03 aug 2018 - 08:03

Sanne Wevers hat har tongersdeitejûn op de balke pleatst foar de finale op de EK turnjen yn Glasgow. De 26-jierrige turnster fan Ljouwert die dit troch op de kwalifikaasjeoefening 13,366 punten te skoaren.

Sanne Wevers op de EK turnjen - Foto: ANP

De regearjend olympysk kampioen pleatste har mei dy skoare as fjirde foar de finale. "Ik denk dat ik dit vooral moet zien als een eerste stap", sei Wevers. "Dat het gewoon weer goed voelt en dat het zich uiteindelijk uitbetaalt."

Om de Europeeske titel yn de wacht te slepen sil se takom snein ôfrekkenje moatte mei sân konkurrinten.

Lannefinale

Neist it berikken fan de finale op de balke, pleatste Wevers har ek noch foar in oare finale. Mei it Nederlânsk team stiet se sneon yn de lannefinale. Njonken Wevers bestiet dy ploech út Tisha Volleman, Céline van Gerner, Vera van Pol en Naomi Visser.

Trefwurden: 
turnjen EK Sanne Wevers
(advertinsje)
(advertinsje)