Wetterskea yn Achmeatoer

26 jun 2012 - 16:34

Troch in sprinkler dy't by fersin ôfgie, is freedtemiddei 15.000 liter wetter yn it treppehûs fan de Achmea-toer spield. De oerstreaming ûntstie op de 23ste ferdjipping en is dêrnei nei ûnderen spield. Omdat it wetter ek de liftskachten ynrûn binne dy bûten wurking steld.

Noch hieltyd binne 2 fan de 4 liften net te brûken. Achmea neamt de skea lykwols beheind, omdat de kantoarôfdielings gjin skea oprûn hawwe. De sprinkler stoart 1000 liter wetter de minút út en hat in kertier lang oanstien. De meiwurkers binne inkele oeren evakuearre.

(advertinsje)