Nije eigeners wolle apparteminten yn fertutearze Heephûs

03 aug 2018 - 06:42

It Heephûs yn Marrum liket rêden, no't it kocht is troch de eigeners fan boubedriuw Bloemsma út Hallum. It Heephûs is in byldbepalend gebou oan de Langebuorren, midden yn it doarp.

It monumintale Heephûs yn Marrum hat wer in nije bestimming - Foto: Omrop Fryslân

Foarsitter Piet Osinga fan Doarpsbelang Marrum-Westernijtsjerk

It waard yn 1832 boud troch notaris Jan Albarda, dy't letter ek grytman fan Ferwerderadiel waard. Letter waard it in tehûs foar âlderein en ek waard it brûkt as griene krúsgebou en tydlik ûnderkommen foar de beukerskoalle en de legere skoalle.

As lêste waard it Heephûs brûkt as administraasjekantoar en wenning. Doe kaam it te keap te stean, mar troch de hege fraachpriis wie der gjin belangstelling. Wilens stie it ryksmonumint hieltyd langer leech en rekke fertutearze.

Apparteminten

Doarpsbelang Marrum-Westernijtsjerk is dan ek tige bliid dat der no in nije bestimming is. Doarpsbelang besocht earder om it gebou sels ferbouwe te litten, mar krige doe de finansiering net rûn. De nije eigeners wolle der seis apparteminten yn meitsje en sa gau mooglik úteinsette mei de ferbouwing.

As der tastimming is fan de gemeente, soe de ferbou noch yn de hjerst fan dit jier begjinne kinne. Keaper Homme Tjeerdsma sil de Marrumers nei de simmerfakânsje oer syn plannen ynljochtsje.

(advertinsje)