Omrop TIP: De oefenwedstriid SC Hearrenfean - Levante UD

SC Hearrenfean spilet sneontejûn yn it eigen Abe Lenstra Stadion in oefenwedstriid tsjin Levante UD út Spanje. It is foar de ploech fan trainer Jan Olde Riekerink de lêste test yn tarieding op it nije seizoen. It duel is fan 19.30 oere ôf streekrjocht by Omrop Fryslân te sjen op telefyzje, de webside en de app.
Daniel Høegh fan SC Hearrenfean © www.orange-pictures.nl
De wedstriid tsjin Levante is alwer it achtste duel fan de tarieding. Earder spile Hearrenfean tsjin de regioselectie Súdwest (10-1 winst), Drachtster Boys (2-0 winst), SC Stiens (12-0 winst), Borussia Mönchengladbach ûnder 23 (3-3), FC Twente (1-1), Kayserispor (2-1 winst) en TSG Hoffenheim (8-2 ferlies).

Levante UD

Tsjinstanner Levante komt út yn de Primera División. De ploech út Valencia riedt him mei in trainingskamp yn Nederlân ta op it nije seizoen. It team fan trainer Francisco José López Fernández oefene earder al tsjin PEC Zwolle (3-1 ferlies), Feyenoord (2-1 ferlies) en FC Utrecht (2-2).

Kompetysjestart

Op freed 10 augustus begjint Hearrenfean mei in útwedstriid tsjin PEC Zwolle oan de kompetysje. It is boppedat de earste wedstriid fan it nije earedifyzjeseizoen 2018-2019. It duel set om 20.00 oere útein.