FNP-foarsitter Van Mourik ropt riedslid Ate Eijer op matsje fanwege 'domme tweet'

02 aug 2018 - 22:56

FNP-foarsitter Cees van Mourik nimt in 'domme tweet' fan FNP-riedslid Ate Eijer oer 'Joaden as slachters fan befolkingsgroepen' heech op. Van Mourik hat Eijer tongersdei op it matsje roppen. De 'slimme saak' leit no by it haadbestjoer fan de partij.

De ekskuzen fan Eijer - Foto: twitter @ateeijer

De oanleiding is in ûntrochtochte tweet fan FNP-riedslid Ate Eijer út Jobbegea fan ôfrûne moandei. As reaksje op de tweet 'De tijd dat Joden zich willoos laten afslachten is voorbij' fan sjoernalist Bart Schut fan it Nieuw Israëlitisch Weekblad, skreau Eijer 'Ja nu slachten ze zelf bevolkingsgroepen af'.

Alve kear ekskuzen

Eijer krige fuortendaliks it ferwyt fan anty-semitisme om de earen en ferwidere de tweet nei tsien minuten. Noch deselde dei makke Eije sa'n alve kear ekskuzen op Twitter, mar de FNP ûntfong nei de tiid it fersyk om Eijer te royearjen. Partijfoarsitter Cees van Mourik lit yn in brief oan alle leden wite dat er 'sa fier fuort net gean wol', mar hy wol de affêre al beprate yn it haadbestjoer fan de partij.

"Dit is in slimme saak. FNP'ers soene gjin útspraken dwaan moatte oer grutte ynternasjonale saken, lykas it Middeneastenprobleem", ornearret foarsitter Van Mourik yn syn brief.

Gjin kommentaar

Van Mourik freget de leden mei klam om gjin inkeld kommentaar te jaan oer dizze saak. "Gjin stikken yn de krante en gjin petearen foar radio as tillefyzje. Sa kinne wy de mooglike skea foar ús partij beheine. Mei de kommende ferkiezingen moatte wy goed en posityf yn it nijs komme en net troch sokke skealike saken."

De saak-Eijer is lykwols noch net útiten. Op de earstfolgjende ledegearkomste nei de simmerfakânsje sil it haadbestjoer it beslút oer de saak meidiele.

(advertinsje)
(advertinsje)