Ealjebijbestrider hat it sa drok dat er de fakânsje útstelle moat

02 aug 2018 - 22:53

It liket derop dat der folle mear ealjebijen binne as yn oare jierren. Dat komt troch it waarme foarjier, seit ealjebijbestrider Foeke Dijkstra fan Aldwâld. Hy hat it smoardrok.

Foto: ANP

Foeke Dijkstra

Foarich jier waard der ek in al pleach ferwachte. mar troch de rein is dat úteinlik bot tafallen. It liket der net op dat der de kommende tiid in protte rein komme sil.

"Ik ha al tsjin myn frou sein dat we in pear dagen letter op fakânsje moatte", sei Dijkstra. Ealjebijen binne 'wespen' yn it Nederlânsk, mar minsken reitsje neffens Dijkstra noch wolris yn de war. "In protte minsken tinke dat dat bijen binne. Dus sis ik dan mar wespen."

Trefwurden: 
ealjebijen
(advertinsje)
(advertinsje)